De Richel is in sânplaat op it waad, east fan Flylân. De Richel leit in kilometer east-súdeast fan de eastein fan Flylân, op 53°17'30"N - 5°8'E.
De plaat wurdt begrinzge troch
Lykas alles op it waad, feroarje de balchen en streamen om de plaat lykwols hieltiid fan foarm. Sa stie de Flylander Balch yn de tachtiger jierren fan de 20e iuw yn ferbining mei it Frânske Gatsje, mar yn de 21e iuw hat de Richel in ferbining nei it suden mei de Waardgrûnen. It is dizze ferbining dy't by it Waadrinnen nei de Richel brûkt wurdt. Ek yn de 19e iuw wie der in ferbining, mar doe wie dy direkter en westliker. Tusken de Flylander balch en de Flysleat troch wie der doe in ferbining mei it Flylânske waad.